Текст песни
Wolsto mei? Strune troch de fjilden.
Learzens oan. Troch de klaai.
Kom giest mei? Samar nergens hinne.
De wyn troch dyn hier, allinne rinne.
Kom mar mei. Alles achterlitte.
Lit dy gean. Bliuw net stean.
'k Nim dy mei. Nei de fierste fierte.
Dreaun op 'e wyn. Fiel de krêft.
It giet troch. Bliuw net stean. 't Libben keart. Hear de fûgels sjongen.
Ús liet. Ús fers. Dyn stim. Lit ús dreamen dreame.
Fiel de krêft fan de sinne. Do bist frij. In nij begjin.
Sjoch foarút, om dy hinne. Wy hawwe alle tiid.
It giet troch. Bliuw net stean. 't Libben keart. Hear de fûgels sjongen.
Ús liet. Ús fers. Dyn stim. Lit ús dreamen dreame.